De Uny fan de Kroanen (Ingelsk: Union of the Crowns, Skotsk: Union o the Crouns, Skotsk-Gaelysk: Aonadh nan Crùintean) wie de kroaning fan kening Jakobus VI fan Skotlân as kening Jabobus I fan Ingelân en Ierlân op 24 maart 1603 en de feriening fan de trije keninkriken ûnder ien monarch. De Uny fan de Kroanen folge nei it ferstjerren fan de nicht fan Jakobus, keninginne Elizabeth I fan Ingelân, dy't de lêste monarch fan it Hûs Tudor wie.
De Uny fan de Kroanen wie in personele uny dêr't de kroan fan Ingelân en de kroan fan Skotlân selsstannich by bleaune. Jakobus neamde himsels "kening fan Grut-Brittanje" en besocht ferskate kearen de keninkriken te ferienjen. Dat waard lykwols tsjinholden troch de beide parleminten fan Ingelân en Skotlân. Yn it midden fan de santjinde iuw wie der tydlik in republyk ûnder lieding fan Oliver Cromwell, dy't it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân stifte. Dy republyk einige mei de Restauraasje fan it Hûs Stuart yn 1660 ûnder kening Karel II. Nei de Acts of Union 1707 waarden de keninkriken Ingelân en Skotlân feriene ûnder de lêste monarch fan it Hûs Stuart, keninginne Anne, ta it keninkryk Grut-Brittanje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Sources op dizze side. |